It opgroeien op it eilân Rottum

7 mei 2024 | Overig, Vrouwen van Nu

Al wer de lêste jûn fan dit seizoen. Dizze jûn komt Wiepke Toxopeus fertellen oer har opgroeien op it eilân Rottum.

Wiepke is berne yn Delfzijl yn it sikehûs en opgroeid op Rottum. Har pake waard as earste Voogd = Beheerder op Rottum. Hy hie it ûnderhâld fan it eilân, wie amtner fan Rykswettersteat, , fersekringsman, fûgelteller, klusjesman.  Ek wie de reddingsboat stasjonearre op Rottum. Pake en letter ek har heit, beide voogd,  mei famylje wennen op in pleats mei in grutte skuorre. Se hiene ferskate wurknimmers. Der wiene hynsders, kij, piken en bargen en in hiel grutte grientetún en wiene selsfoarsjennend. Der wie in sleepboat, in pream en in roeiboatsje. Sa no en dan fearen se nei de fêstewâl. It wie wol 3,5 oeren farren. Rottum wie yn it begjin like grut as Skiermûntseach. Mar troch wetter en wyn brokkele it oan de iene kant ôf en oan de oare kant kaam der wat by. Wol de helte is mei tiden ôfslibt.

Der wie in protte te dwaan op de pleats. By’t maitiiid waard aaien socht fan sterns en seefûgels en ferkocht op de fêste wâl oanbygelyks bakkers, dy’t der eierkoeken fan bakten. Strâne der in skip, dan waard hout en oare spullen fan it strân helle. Planken foar timmer gebrûk, it mindere hout foar de kachel. Mefrouw Toxopeus hat in opstoppesee hûn mei, fasen en potsjes en barnstien, dat fûn waard. Dit kinne wy yn de pauze besjen.

Wiepke hat de hiele legere skoalletiid les hân fan har mem, dêrnei gie se nei de HBS op de fêste wâl en moast se yn de kost. Se kaam wol eltse fakânsje thús. Ek har âldere broer en susters ha les hân fan har mem en in feint op de pleats, dy’t it foech hie.

Yn de tiid dat har heit Voogd wie, ferhûzen se nei in lytser hûs. Der wie doe gjin skuorre mear. De trekker hie de hynsders ferfongen. Op it hûs stie in grutte útsichtkoepel, koene je it hiele hear oersjen.  De mem fan Wiepke krige astma. Se wie allergysk foar it materiaal dat brûkt wie by it dak. Se moast soms in wike nei it sikehûs. Dan waard se ophelle troch in fleantuch of in helikopter. Har heit sette dan in lanningsbaantsje út op in  stevich  stik sân.

Der wie in soad belangstelling foar Rottum. Sa woe de Revu in kear in reportaazje meitsje fan in Kryst op Rottum. Mar yn de winter oerfarre wie altyd únwis, dus doe kamen se mar yn de hjerst. Se hiene wol in krystbeam, krystspullen en iten mei. Alle feestdagen waarden wol fierd op it eilân. Sels St. Maarten. Wiepke rûn dan 3 kear om hûs hinne. Se moast 3 x in oar ferske sjonge en krigen 3 x wat, as lêste snobbersguod.

Yn 1960 kaam it waadrinnen yn opkomst. Earst hiele grutte groepen fan oer de 100 minsken. Se rûnen dan nei Rottum, kamen oan lân foar in stop en farden mei sloepen werom. Wiepke is ek gids west by it waadrinnen, mar de groepen wiene doe lang sa grut net mear. Der binne strangere regels kaam.  Soe it winter wurde, dan waard it skip nei Delfzijl brocht en rûnen se oer it Waad werom.

It eilân is súnt 1965 ûnbewenne en Natoergebiet. Dit wie in yndrukwekkende jûn. Wiepke Toxopeus koe fol fjoer fertelle oer har jeugd op Rottum. En wy krigen prachtige foto’s te sjen. Klaske betanke har foar de moaie, bysûndere jûn.