Lippenhuzen, febrewaris 1898
Wa wiene dy âlde minsken?
Poai(stra) Geerts Veenstra waard berne op 4 septimber 1816 yn Lippenhuzen en wie de soan fan Geert Alles Veenstra en Antsje Gerrits Dokter. Hy troude op 10 july 1842 mei Antsje Wiebes Meyer, dochter fan Sytzes Meyer en Akke Alles Reitsma út Akkrum. Sy wie berne op 21 septimber 1818. Se krigen fiif bern: Wiebe op 27 april 1845, mar dat jonkje stoar op 7 maart 1847. Dêrnei kaam der in jonkje Wiebe dat op 19 oktober 1848 ek te Lippenhuzen berne waard. Op 2 oktober 1851 krigen se noch in famke te Koartsweachen en doe in libbenleas popke (in famke) op 27 july 1855. En op it lêst noch wer in famke Akke dat op 20 july 1856 berne waard yn Lippenhuzen.
Poai sil wol arbeider west hawwe, mei sels wat lytsfee en miskien ek wol in pear bistjes yn de efterein fan syn húske. Se hiene allebeide tige warber west yn it libben en harren altyd och sa ynset foar de bern dy’t se krigen. No’t se âld waarden (Poai wie 82 en Antsje 80 jier) moasten se harren sûnder de bern rêde, want dy wiene it hûs út. Se wennen op ‘e westein fan Lippenhuzen tsjin de grins fan Terwispel oan. Eartiids rûn der in opfeart fan it Ald Djip ôf nei de Bûtewei ta. Yn ‘e rin fan de tiid wie it lêste stik fan dy feart in foege sleat wurden.
Oan de eastkant lei in strook heechlân dêr’t harren al hiel lang minsken fêstige hiene. Dêr stiene op koarte ôfstân faninoar in rige lytse húskes, heal fan stien en heal fan hout. Miskien sitte de fûneminten noch wol yn ‘e grûn. Mar dan moatte jo wol de skeppe meinimme. En in hiel soad minsken kinne tsjintwurdich net mei sok ark omgean. Oan beide siden fan de Opfeart wie heide. Yn de folksmûle waard it ek “De Heide” neamd.
Dêr wennen ek Poai en Antsje. Oan de iene kant siet dêr Albert Zandstra en Janke de Boer en oan de oare kant Anne Bos en Jouk Jeensma. Albert en Janke Zandstra wiene de pake en beppe fan Evert Zandstra de bekende skriuwer dy’t op 25 desimber 1897 dêr berne is. Evert Zandstra, in skoalmaster, hat wol sa’n 25 boeken skreaun en dêr meie de Lippenhúster befolking wol wat grutsk op wêze.
Poai en Antsje wiene earme, ienfâldige minsken en no’t Poai net mear by in oar oan ‘t wurk koe, wennen se yn it húske dat earst noch fan harren sels wie. Mei syn wrotterslean hie er dat byinoar garje kinnen, mar no’t er âlder wie moast er it húske oer dwaan oan de Tsjerkfâdij fan Lippenhuzen. Se moasten it eins “opite”, oars krigen se gjin jild.
No moatte wy dat de Tsjerke yn dy tiid net kwea ôfnimme tink ik, want der wie gjin A.O.W. en gjin bystân. De tsjerke, hoewol’t dy it ek lang net altyd goed die, soarge as iennige ynstânsje dochs noch foar it libbensûnderhâld fan earme minsken. As dit wol de fatsoenlikste wize fan besitsfermeardering fan de tsjerke wie?
Poai en Antsje wiene tige op harren sels en hiene mei de buorlju eins gjin omgong. Allinne Alberts Janke kaam noch wolris del foar in praatsje.
Poai hie noch in stikje grûn dêr’t er de ierappels ferboude en beide âlde minsken hiene dy hjerst noch op ‘e knibbels lein om dy derút te heljen. Mar Antsje begûn wat gammel te wurden en beide wisten mar al te goed dat de ein yn ‘t sicht wie. Poai hie wolris sein: “Ik hoopje mar dat wy beide tagelyk stjerre meie en dat wy dan yn ien kiste komme.” Syn winsk soe útkomme, mar hoe?
Sneontejûn 18 febrewaris 1898
Min waar, it waaide hurd. It begûn al wat te tsjusterjen. Tsearde Gryt Wiebinga, dy’t oan in dwersreedsje fan de strjitwei wenne, wie bûtendoar om it linnenguod yn te heljen dat oan de line hong. It wie om seis oere hinne. Doe’t se yn ‘e hûs soe, seach se noch efkes nei it westen en rôp ta it hûs yn: “O, wat rikket de skoarstien fan Poai-en-dy, dat is gjin goed spul. Wy moatte dêr mar efkes hinne te sjen.”
Tseard kaam fuort oerein út ‘e stoel dêr’t wat lei te slomjen en tegearre rûnen se nei Albert en Janke ta, dy’t daliks meigiene nei it hûs fan Poai en Antsje. Doe’t se by de wente oankamen wie it allegearre fjoer. Tseard raamde de efterdoar iepen en koe it skiep noch út it brânende hûs skuorre. De oaren wiene nei de foarkant fan it wentsje ta gien en Alberts Janke sloech it foarút yn. Se besearde dêrby har hân, mar joech dêr fierders gjin omtinken oan. Se moasten yngripe.
Fan Antsje en Poai, dy’t om fjouwer oere al op bêd gien wiene, gjin spoar. Se koene mei gjin mooglikheid yn ‘e hûs komme, dat wie net mear te dwaan. It wie oars net as reek en fjoer yn de keamer. De froulju rôpen tige oerstjoer noch: “Poai, Antsje, fluch, fluch kom derút, alles stiet yn ‘e brân, nei bûten ta.” Mar der kaam gjin antwurd, alles wat se hearden wie it knappen fan de yndroeche balken en it gûlen fan de wyn. In reinde fonken doe’t de souder nei ûnderen kaam. De omstanners skrillen tebek. En ek alle oare buorlju dy’t der op ta setten kamen, fleagen as gekken om it brânende hûs hinne, se koene neat dwaan. It fjoer lôge noch mear op troch de hurde noardwester wyn, in stoarm gelyk.
Hy jage de flammen heech op, dat de brânende stikjes hout en jiske fleagen fier yn it rûn. De minsken sleepten noch wol mei amers wetter, mar it joech allegearre neat mear.
Anne Bos sei: “Ik moat om myn eigen hûs tinke“, en hy joech him ôf. Mei in mes yn de hân om syn eigen ko los te snijen as it moast, en noch twa amers mei wetter, hâlde er de wacht, wylst de fonken by syn wente lâns fleagen. Lokkich kamen se net op syn húske telâne.
Yn in foech oere lei de wente fan Poai en Antsje tsjin de flakte en wie it ien rikjende púnheap. Noch deselde jûn kaam de boargemaster en in eksteur fan ‘e Sweach oansetten om alles op te nimmen.
Hoe’t de brân ûntstien wie, nimmen koe it sizze. Der wiene guon minsken dy’t seinen dat it fan de tongerbui kommen wie, mar oaren hiene neat heard. It moast wol eigen fjoer west hawwe. Der waard besletten om de oare moarns it pún te romjen en nei de liken te sykjen.
De oare deis.
De oare deis kaam de plysje ek al del mei de twa earmfâden. Mei de buorlju sochten se yn de púnheap, en fûnen it alhiel ferkoalle lyk fan Poai ûnder de ynfallen gevel flak foar ien fan de ruten. Hy waard werkend oan syn kileknopen. Alberts Janke hie krekt it ferkearde glês ynslein. Se sei letter noch: “Och heden, hie ik dat oare glês mar ynslein, dan hiene wy Poai noch fûn”.
Foar it plak dêr’t de bedstee stien hie, lei it ferbrânde lyk fan Antsje. De beide âlde stumpers wiene dochs noch fan ‘t bêd ôfgien en besykje derút te kommen. Mar it wie harren net slagge om de doar te finen. Twa âlde minsken dy’t de skriklike ferbaarnings-dea ûndergean moasten.
Beide liken waarden yn ien kiste lein en sa wie de winsk fan Poai dochs útkaam. Mar op sa’n wize hie er dat grif net wollen.
De omkriten.
De omkriten fan de Bûtewei, de heide fan Lippenhuzen en ek fan it Alddjip (de Boarn) binne noch tige moai. De Bûtewei is lokkich gjin autowei en it is te hoopjen dat it dat ek net wurdt. Ik ha yn dy omkriten west, ik bin by it Ald Djip lâns rûn, en troch ferskate boskjes en heide. Ik tink dat wy Van Harinxma en It Fryske Gea tige tankber wêze meie dat dit natuergebiet noch yntakt is, al feroaret de omjouwing troch de drokte fan minsken wol, lykas in rymkeman it seit:
Wêr’t de Boarn it lân troch kringelt,
lyk in njirre it heidefjild.
Wêr’t de bjint it poeske ferkringet,
en de reager syn honger stilt.
Wêr’t de Adeltsjerke iens syn brommen,
oeren fier soms dreunt yn’t rûn.
Wêr’t no stâlfee is en hast gjin blommen,
dêr is no de Fryske grûn.
(Wize nei J.L. v.d. Burg)
© Henk F. Hansma
De Himrik